Achte besiker fan de thússide fan it WSSFS. Op dizze side kinne jo sjen wat der sa al binnen it selskip geande is. Foar de meast konfrontearjende foto’s oant de meast aktuele data binne jo hjir op it goeie plak. Ek kinne jo it WSSFS folgje op Facebook of op ús Hyves. Mochten der noch fragen ûnbeäntwurde bliuwe, sjoch dan efkes ûnder it kopke kontakt foar tillefoannûmers en emeal-adressen
Groetnis fan kommisje DOFKE
Meindert, Roelof, Sybren, Tryntsje
Ynformaasje oer it WSSFS
Lid wurde?
Utljochte:
Wike 3,
DIES fiering Fansels moatte wy fiere dat ús moaie feriening noch bestiid! Dit jier sil der gjin DIES-bestjoersûpke wêze, mar pakke wy it oars oan. Hjirûnder in koart oersjoch fan it programma;
Tiisdei 24 jannewaris Op dizze dei sille wy mei alle leden út iten gean yn ien fan de gesellichste restaurantsjes yn Wageningen. Foar de reserfering is it tige wichtig om fan te foaren op te jaan hjir foar. Dit kin op ferskatene manieren. Namlik troch op dizze wykmail te reagearren troch in eamel te stjoeren. Troch te reagearren op Facebook, mei; “ik bin der by!”. Of troch kontakt op te nimmen mei Rixt, stjoer in eamel nei rixt.gielstra@hotmail.com of belje of sms nei 0638173554 Tiid: 19.00 Plak: Thuis bij Guus of H41 sil noch regele wurde
Woansdei 25 jannewaris Om noch in soad jierren fan ús moaie selskip genietsje te kinnen, sille der saken feroarje moatte. Dizze jûn sil der in debat plak fine oer de takomst fan de feriening. Dit sil gean oer ynfulling fan it mearjierrenplan en oer oankommende bestjoersjier. Graach sjogge wy hjir in soad leden by oanwezich en ek in soad âld bestjoerleden. Ek âld leden binne wolkom. Tiid: 20.00 Plak: Noch ûnbekind
Tongersdei 26 jannewaris Om de Dies noch mar ris útgebreid te fieren, kinne wy dizze jûn mei eltsenien in gesellich sûpke hâlde yn ien fan de folle kafees fan Wageningen of by ien thús en dernei noch nei in studintenfeestje ta gean. Tiid: 20.30 Plak: noch ûnbekind, wannear der ideen binne kin dit troch jûn wurde.
|